FNP wol aksje tsjin gaswinning

© Omrop Fryslân
De Steatefraksje fan de FNP wol mei oare partijen en maatskiplike organisaasjes besjen hokker aksjes der ûndernaam wurde kinne tsjin de sâlt- en gaswinning yn Noardwest-Fryslân. De partij wol sa it ministearje fan Ekonomyske Saken op oare tinzen bringe.
Dat wol op 'e nij fergunnings ferliene foar it winnen fan gas en sâlt yn Noardwest-Fryslân. De FNP fynt dat ûnbegryplik en fynt dat de Ryksoerheid in betinklike rol spilet.