Brack ferfanger Ale de Boer

© Omrop Fryslân
Sportklub_Cambuur-ferdigener Koen Brack is freed tsjin RBC Roosendaal nei alle gedachten de ferfanger fan de skorste Ale de Boer. Dêrtroch skoot Michael Jansen nei de linksback en foarmet Brack tegearre mei Pieter Collen it sintrum.
Ale de Boer krige ferline wike tsjin RKC twa kear giel en moat dêrom ien wedstriid fan de kant ôf tasjen. Fierder is der wierskynlik in basisplak foar Nassir Maachi, wat tenkoste giet fan Rachid El Khalifi.