Pama: der sille klups ferdwine

© Omrop Fryslân
De fuotbalklups út de earste divyzje ha swier te leien ûnder de finansjele krisis. Neffens ûndersyksburo Sport + Markt stiet de takomst fan seker tsien klups faai.
Sportklup Cambuur heart dêr foarearst net by, mar de Ljouwerters ha neffens it buro gjin potinsje foar de earedivyzje. SC Cambuur-direkteur Alex Pama is it dêr net mei iens. Hy tinkt wol dat der op termyn klups ferdwine sille út it betelle fuotbal.