Byienkomst lûdswâl Winsum

De lûdswâl yn Winsum
Om alle fragen dy't der binne oer de lûdswâl by Winsum goed beantwurdzje te kinnen, is op 16 maart in byienkomst foar de ried fan Littenseradiel en foar oare belangstellenden. Dat is moandei ôfpraat yn de gemeenteried. Dêr stie de lûdswâl op de aginda.
De tsientallen meters lange lûdswâl oan de N359 wie hielendal net nedich, sa waard dúdlik nei de oanlis. De wâl waard oanlein om ferkearslûd fan de dyk te kearen, mar foar dy oerlêst hie frijstelling frege wurde kind.