Sybren Jansma op achtste plak

Sybren Jansma
Bobslider Sybren Jansma fan De Pein stiet yn Lake Placid mei syn maten healwei de striid om de wrâldtitel yn de fjouwermansbob op in achtste plak. Mei Van Calker, Klaassen en Beck dielt de ploech it achtste plak mei it Amerikaanske team fan Todd Hays.
Nei twa runs hat de Nederlânske ploech in efterstân fan 1,23 sekonde op it liedende Amerikaanske team fan Steven Holcomb. Snein stean de runs trije en fjouwer op it program.