Mid-Fryslân wint fan Drachten

© Omrop Fryslân
De kuorballers fan Mid-Fryslân ha sneontejûn yn de kuorbalhaadklasse mei 27-24 yn en fan Drachten wûn. Drachten, al degradearre, brocht yn it lêst fan de wedstriid de spanning werom.
SCO ferlear yn Den Haach kânsleas mei 24-11 fan Die Haghe. Troch dizze útslaggen bliuwt Mid-Fryslân op it twadde plak mei 17 punten út 12 wedstriden. SCO hat 11 út 12. Koprinner Vada hat 18 út 11 en komt snein yn aksje tsjin Groen Geel.