Dijkstra is earste tolk Frysk

Fedde Dijkstra is beëdige as tolk
Foar tolken wie it freed in spesjale dei. Se waarden foar it libben beëdige. As iennige waard Fedde Dijkstra as earste tolk Frysk beëdige. Dijkstra is yn it deistich libben tolk en hat in fertaalburo. Hy fertaalt Dútsk en Frysk en docht dat ek foar de rjochtbank, plysje en justysje.
Oant no ta moast in tolk alle kearen op 'e nij de eed of belofte ôflizze as er foar de rjochtbank fertale moast. Sûnt dit jier kinne tolken foar it libben beëdige wurde.