Nije Waterpoorters útroppen

De Stichting Sneek_Promotion hat de Snitsers Herman_Vis en Ruurd_Boeijinga útroppen ta nije Waterpoorters. Dat binne minsken dy´t har ynsette foar de stêd. De list fan fertsjinstlike Snitsers bestiet al sûnt 1974. Sûnt dy tiid wurdt alle jierren in tal Snitsers huldige dy´t har frijwillich en belangeleas ynsette foar de stêd.
Herman_Vis is belutsen by in klup foar oanpaste sporten foar minsken mei in beheining. Ruurd_Boeijinga sit by de Vereniging Oud Sneek.