Seizoen Hajé Flyers sit derop

Keeper Martijn Maghielsen is passeard
Foar de Hajé Flyers sit it seizoen derop. De iishockeyers fan It Fean ferlearen de beslissende tredde wedstriid yn en tsjin Nijmegen mei 6-2. De earste perioade waard ôfsletten mei 1-1 troch skoares fan Paul_Vincent foar de Flyers en âld-Flyer Marco_Postma foar Nijmegen. Yn de twadde perioade makke de thúsploech it ferskil: 3-0.
De twadde Flyers goal yn de tredde perioade fan T.J. Kelly wie lang net genôch om it ferlies te foarkommen.