Gjin Terschelling yn plaknamme

© Omrop Fryslân
De namme Terschelling wurdt net ferbûn mei de plaknammen op it eilân. Dat woene de Skylger ûndernimmers graach, mar de gemeenteried wol der net oan. Oosterend bliuwt gewoan Oosterend en feroaret net yn Terschelling-Oosterend.
De ûndernimmers woene maksimaal gebrûkmeitsje fan it merk Terschelling. West-Terschelling bliuwt gewoan West-Terschelling. De ried wol de gongbere nammen hâlde omdat it altyd sa west hat.