Bob de Vries de sterkste

Winner Bob de Vries
Bob de Vries hat tongersdeitejûn de tsiende maraton dy't meitelt foar de KNSB Cup mei oermacht wûn. Yn Breda sette hy it peloton op in rûntsje achterstân. Ploechmaat Arjan Stroetinga waard twadde en bliuwt mei romme foarsprong de lieder fan it klassemint. Bob de Vries is dêryn twadde.
By de froulju gong de winst krekt as woansdei nei de Amerikaanske Chris Witty. Elma de Vries waard opnij twadde en bliuwt de liedster.