SC Hearrenfean bêste imago

Foto: Martin de Jong
SC_Hearrenfean hat it bêste imago fan alle earedivyzjeklups neffens it sportmarketingsburo Sport+Markt. Hearrenfean docht it lanlik it bêste op saken as populariteit, finansjele prestaasjes, sponsoring en it byld dat minsken fan de fuotbalklup hawwe.
De hege notearring betsjut ek mear ynkomsten troch de ferdieling fan de tillevyzje-opbringsten fan de earedivyzje. It ûndersyk is ferline jier oktober dien.