Jong Hearrenfean wint fan PSV

© Omrop Fryslân
Jong Hearrenfean hat moandeitejûn yn it Abe Lenstra stadion, mei 18.000 meast jeugdige taskôgers goed beset, jong PSV mei 5-3 ferslein.
Nei in kalm begjin waard it in spektakel. De Feansters kamen ûnder oanfiering fan Paulo Henrique op in 4-0 foarsprong. Henrique makke de 1-0 en wie trije kear de oanjouwer foar Patrik Ingelsten en Daryl Janmaat (2). PSV kaam werom oant 4-3, mar yn de ekstra tiid fersulvere Tarik Elyounoussi de sels fertsjinne pennel.