75 jier It Fryske Boek

It Fryske Boek bestiet dit jier 75 jier. Dat jubileum sil yn dit jubeljier yn alle aktiviteiten fan ´e stichting te fernimmen wêze. It begjint mei de Fryske Boekewiken dy´t sneon 21 febrewaris fan start geane en duorje oant en mei 8 maart.
It Fryske Boek hat mei bibleteken, Fryske kriten en guon oare ynstânsjes rûnom literêre programma´s organisearre. Ferskate skriuwers, muzikanten en akteurs hawwe in spesjaal programma gearstald.