Nije regels klubs Lemsterlân

© Omrop Fryslân
De gemeente Lemsterlân wol sels gjin nije sportfjilden mear oanlizze of klaaikeamers delsette. De sportklups moatte dêr sels foar soargje. Dat stiet yn de nije regels foar klaai- en dûsromten yn Lemsterlân.
De measte akkomodaasjes binne al privatisearre, allinnich de klaairomten fan fuotbalferiening Dolsterhuzen binne noch fan de gemeente. It kolleezje fan B. en W. fynt dat in ûndúdlike situaasje.