Blessuere foar Tuinstra

Johnny Tuinstra yn better tiden
IIsspeedwayer Johnny Tuinstra fan Tsjummearum hat by in Grand Prix wedstriid yn it Russyske Ufa syn skouderbonke brutsen. Tuinstra gie ûnderút yn de C-finale.
Hy lit him yn Nederlân operearje oan syn blessuere. Tuinstra hopet op 7 maart by Grand Prix wedstriden yn Berlyn wer op de motor te sitten. Tuinstra stiet op dit stuit fyftjinde yn it algemien klassemint.