El Khalifi op wei nei Amearika

Rachid El Khalifi
SC_Cambuur-oanfaller Rachid_El_Khalifi hat in kontrakt oanbean krigen fan de Amerikaanske klub Real_Salt_Lake. De ôfrûne wike hat de Marokkaan dêr staazje rûn. Hy hat in goede yndruk achterlitten en hopet takom wike dúdlikheid te krijen oer de oergong.
As de transfer trochgiet, moat El_Khalifi him fuortendalik yn Amearika melde. De Amerikaanske kompetysje begjint nammentlik yn maart. Freed sit El Khalifi wol op de bank by de wedstriid tsjin VVV Venlo.