Komst bedriuweterrein ûnwis

It terrein is al yntekene
Minister Cramer fan VROM ferbiedt mooglik de ûntwikkeling fan it bedriuweterrein Quatrebras yn Tytsjerksteradiel. Dat die tongersdei bliken by in debat yn de Twadde Keamer.
SP, Grien Links en PvdA ha de minister meardere kearen frege om op te treden tsjin plannen fan gemeente en provinsje. Cramer hat sein dat se it yn de gaten hâldt. As der alternativen binne, dan komt it bedriuweterrein by Quatrebras der net.