Hege kosten nei boaiemdelgong

© Omrop Fryslân
De gemeente Dongeradiel moat rekken hâlde mei in fikse gemeentlike bydrage by it herstel fan skea troch boaiemdelgong. Dat docht bliken út in rapport dat makke is yn opdracht fan de gemeente.
Troch gaswinning is der ek yn Dongeradiel sprake fan boaiemdelgong. Yn it slimste gefal soe de grûn úteinlik 17 sentimeter sakje kinne. De politike partijen yn de gemeente wolle opheldering oer de kwestje