Nije kuorbalferiening

© Omrop Fryslân
Twa kuorbalferienings yn de regio It Hearrenfean sille mooglik fuseare. It giet om Blau Wyt fan It Hearrenfean, en om De Driehoek fan Mildaam/Ketlik.
De ôfrûne moannen binne gesprekken fierd, en dy hawwe laat ta plannen foar in nije kuorbalferiening. De wurknamme is earst kv Heerenveen. Op 2 maart kinne de leden fan beide klups har miening jaan oer de fiergeande gearwurking.