Omrop wint priis

Annelies van der Goot en Aukje de Hoop
Omrop Fryslân hat woansdei in NL-Award wûn yn de kategory radio faria. Dat binne prizen foar de bêste produksjes fan regionale omroppen. De priis gie nei it programma Buro de Vries mei de reportaazje-rige De Tún.
Programmamakkers Aukje de Hoop en Annelies van der Goot draaiden in seizoen lang mei op in lyts folkstúnkompleks by Ljouwert.