Deputearre Konst ynstallearre

Hans Konst wurdt lokwinske
Hans_Konst is woansdei ynstalleard as nije deputearre. Yn in gearkomste fan de Provinsjale Steaten lei Konst de eed yn it Frysk ôf. De 50-jierrige Harnzer folget Anita Andriesen op as PvdA-deputearre.
Konst hat fiif jier lid west fan Provinsjale Steaten. As deputearre hâldt er him dwaande mei romtlike oardening, duorsumens en plattelânsferoaring. Konst hat syn wurk as GGZ-arts opsein foar syn nije baan as deputearre.