Krabbe mei tsjinsin akkoart

© Omrop Fryslân
Mei tsjinsin leit FC Emmen-trainer Paul Krabbe him del by de skorsing foar twa wedstriden dy't de KNVB him oplein hat. Krabbe waard freed it fjild útstjoerd neidat er Cambuur-trainer Stanley Menzo útskolden hie.
Dat er dêrby diskriminearende teksten brûkt ha soe, kin de KNVB net hurd meitsje. No't dy beskuldiging ferfalt moat Krabbe him der wol by dellizze.