Undersyk nei fytsferkear

© Omrop Fryslân
It fytsferkear yn Fryslân sil de kommende tiid better ûndersocht wurde. De provinsje wol witte oft it fytsbelied dat jierren lyn ynset is doel hân hat.
Om it fytsen te stimulearjen binne tal fan nije fytspaden oanlein. Op dy paden om de gruttere stêden hinne komme no sensoaren te stean. Dy moatte yn 2011 dúdlikens jaan oer oft der no echt mear minsken op de fyts nei harren wurk geane.