Unrest kliïnten thússoarch

Zorgbelang Fryslân wol dúdlikens foar kliïnten
Ofnimmers fan thússoarch yn Fryslân sitte bot yn oer de takomst dêrfan. Oanlieding foar de ûnrêst binne de negative berjochten yn ´e media oer soarchoanbieder Meavita. Dy sit yn finansjele problemen en de kliïnten binne benaud foar de gefolgen dy´t dat ha kin foar harren eigen thússoarch.
Belange-organisaasje Zorgbelang Fryslân is ek ûngerêst. Neffens de organisaasje wurdt it tiid foar dúdlike ynformaasje foar de kliïnten.