Ferlies jong Cambuur

© Omrop Fryslân
De beloften fan Cambuur hawwe moandeitejûn yn Deventer mei 3-1 ferlern fan jong Go Ahead Eagles. Yn in minne wedstriid kaam de thúsploech, de nûmer lêst yn de kompetysje, krekt foar it skoft op foarsprong. Nei de 3-0 makke Jacob Noordmans foar de Ljouwerters de 3-1. Cambuur bliuwt foarlêste yn de kompetysje.
By jong Cambuur stie Ale Geert de Vries op ´e goal en spile Chris_de_Wagt nei in lange blessuereperioade wer in helte mei.