KNVB ûndersiket misledigings

De KNVB ûndersiket de misledigingen
De oanklager fan it fuotbalbûn KNVB stelt in ûndersyk yn nei FC Emmen-trainer Paul_Krabbe. Krabbe krige freed by de wedstriid Emmen-Cambuur in reade kaart fan skiedsrjochter Van Egmond fanwege misledigjende en diskriminearjende taal tsjinoer Cambuurtrainer Stanley_Menzo.
Krabbe soe neffens de minsken fan Cambuur wurden brûkt hawwe lykas tyfus en kankeraap. De trainer fan Emmen ûntkent dat. Wannear´t der in útspraak komt, is noch net bekend.