Boargerinisjatyf weryndieling

© Omrop Fryslân
Der moat in ûndersyk komme nei de konsekwinsjes fan in eventuele oansluting fan Hearrenfean by in weryndielingsferbân fan Gaasterlân-Sleat, Lemsterlân en Skarsterlân.
Sân ferûntrêste boargers út de gemeente Gaasterlân-Sleat tsjinje kommende freed in saneamd boargerinisjatyf yn. Dêrmei kinne boargers in ûnderwerp op de aginda sette fan de gemeenteried. De inisjatyfnimmers fine dat Gaasterlân-Sleat better by de Súdwesthoeke past.