Ynbrekker oppakt yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
In Ljouwerter fan 21 is sneontejûn oppakt omdat er ynbrutsen hie yn in wenning oan de Doniastrjitte yn syn wenplak. Doe't de bewenners thúskamen seagen se de ynbrekker mei de televyzje ûnder de earm nei bûten rinnen.
De bewenners bellen 112 en dêrnei koe de plysje de man oan de Oostergowei oppakke.