Ynskriuwe foar Kunstbende 2009

De webside fan Kunstbende
Kunstbende is in wedstriid foar jongerein fan 13 oant en mei 18 jier. Belangstellenden kinne har no ynskriuwe foar de edysje fan 2009 yn de folgjende kategoryen: taal, teater & performance, film & animaasje, DJ, ekspo, dûns, moade en fansels muzyk (covers binne net tastien).
Dit jier is keazen foar it tema macht. De foarrondes yn Fryslân binne op 9 maaie yn de Lawei yn Drachten. De lanlike finale is op 27 juny yn de Melkweg yn Amsterdam.