Winst M-F, ferlies Drachten

© Omrop Fryslân
De kuorballers fan Mid-Fryslân hâlde de druk op koprinner Vada, it ferskil bliuwt trije punten. Mid-Fryslân wûn yn sporthal De Twine fan Grou mei 21-16 fan Die Haghe. By it skoft wie de wedstriid al spile: 14-7. Koprinner Vada wûn thús mei 26-24 fan De Meervogels.
Drachten koe it yn deselde haadklasse net oprêde tsjin Tempo. Yn de eigen hal waard mei 24-22 ferlern. Drachten bliuwt sadwaande lêste. SCO komt snein yn Wolvegea yn aksje tsjin Groen Geel.