Alkoholkontrôles yn Fryslân

© Omrop Fryslân
De plysje hat yn de nacht fan freed op sneon wer op ferskate plakken alkoholkontrôles holden. Mei-inoar krigen njoggen bestjoerders in bekeuring foar it riden mei drank op.
In 32-jierrige begjinnende bestjoerder út Ljouwert waard by Menaam oanholden. It resultaat fan de blaastest wie dat er in rydferbod krige en syn rydbewiis ynleverje moast.