Fertochten drugshannel heard

© Omrop Fryslân
De trije Friezen dy't fan 'e wike oppakt binne foar wapen- en drugshannel wurde freed foarlaat oan de rjochter-kommissaris. Dan wurdt dúdlik oft sy noch langer yn de sel sitten bliuwe. It giet om twa manlju út Drachten en ien út Snits. Harren oanhalding folge nei alve ynfallen troch de plysje, ûnder oare yn Snits.
De plysje ferwachtet moandei mear oanhâldings yn dizze saak te dwaan.