Swimclub DZ&PC krijt 2500 euro

© Omrop Fryslân
De Drachtster swimferiening DZ&PC krijt fan it swimbûn KNZB en syn sponsor E.On 2.500 euro. It jild sil brûkt wurde foar de ûntwikkeling fan talinten.
DZ&PC is ien fan de tsien lanlike ferienings dy´t troch in sjuery út 110 oanfragen oanwiisd is foar subsydsje. De bekende swimcoach Jacco_Verhaeren wie foarsitter fan de sjuery. DZ&PC is de ienige Fryske swimklup dy´t dit jier de subsydzje krijt.