Cambuur mist trije oanfallers

© Omrop Fryslân
SC_Cambuur moat it freed tsjin FC_Emmen dwaan sûnder Ruud_ter_Heide, Mark_de_Vries en Marc_Mboua. Ter_Heide is siik, De_Vries en Mboua binne beide blessearre.
Nei alle gedachten spilet Sandor_van_der_Heide dêrtroch yn de spits. Ek Kees_Pier_Tol is in opsje neffens Stanley Menzo. De trainer oerwaget ek om mei twa oanfallers te spyljen. Mark_de_Vries sit mooglik wol op de bank, hy trainde tongersdei foar in part mei de seleksje mei.