Plysje hâldt Popov oan

Popov ried mei drank op en lekke bannen
Hearrenfeanspiler Goran_Popov is sneontenacht troch de plysje oanhâlden. De 24-jierrige Masedoaniër hie tefolle drank op en ried mei twa lekke bannen troch it sintrum fan It Hearrenfean tsjin it ferkear yn.
It is noch net wis oft Popov foarkomme moat. Wol moat er meidwaan oan de Educatieve Maatregel Alcohol. Dat hâldt yn dat er in kursus folgje moat hoe om te gean mei alkohol yn it ferkear. Hearrenfean wol net sizze oft dit gefolgen hat foar Popov.