Steaten iens mei NUON-ferkeap

© Omrop Fryslân
Provinsjale Steaten giet ek ûnder de hjoeddeiske omstannichheden akkoart mei de ferkeap fan NUON-oandielen. Yn in spoeddebat die bliken dat ek FNP en GrienLinks oer de streek lutsen binne, no't deputearre Galema har mear fertelle sil oer de op hannen steande ferkeap fan 40 prosint fan NUON.
Allinne de SP bliuwt prinsipieel tsjin de ferkeap oan in kommersjele partij. Fryslân hat 12,6 prosint fan alle NUON-oandielen. Dy soene sa'n 600 miljoen euro opsmite kinne.