Galema:steaten wol ynformearje

Sjoerd Galema sil de steaten achter sletten doarren byprate
Provinsjale Steaten bin tefreden oer de tasizzing fan deputearre Sjoerd Galema om de steaten op 'e hichte te hâlden oer de mooglike ferkeap fan de NUON-oandielen. Dat die woansdei bliken oan de ein fan in spoeddebat dat GrienLinks, FNP en SP oanfrege hiene.
NUON sil meikoarten beslute 40% fan it distribúsjebedriuw te ferkeapjen en omdat de provinsje dêryn hast 13% fan de oandielen hat, wolle de partijen witte hoe't it proses krekt giet.