Plysje docht ynfal by frou(79)

Plysje-auto's by it wenhûs fan de frou
De plysje hat tiisdeitemoarn mei grut machtsfertoan in ynfal dien by in hast 80-jierrige frou op it Eilân yn Snits. Oanlieding wie in ynfal dy't earder dien wie by it hûs fan har soan. De man waard fertocht fan it hawwen fan drugs en wapens.
Der waard yn de wenning fan de frou ek wat fûn, mar de plysje wol net sizze wat krekt. Fierder waarden der ek in tal mooglike nep-ûnderbroeken fan it merk Björn Borg yn beslach naam.