De stimmen stake yn Drachten

© Omrop Fryslân
De ried fan Smellingerlân hat tiisdei op 'e nij gjin beslút nommen oer in amendemint fan 'e PvdA oer wynmolen yn de gemeente. Yn jannewaris wie al stimd oer dat ûnderwerp, mar troch de ôfwêzichheid fan ien fan 'e riedsleden staakten de stimmen.
Woansdei wie in oar riedslid der net en de stimmen staakten wer. De SP stelde út om it ûnderwerp dan mar yn de folgjende gearkomste te bepraten. Oer dat idee stimden de riedsleden, mar ek dêr kamen se net út.