Namme 'Oost-Vlieland' ferdwynt

De namme Oost-Vlieland ferdwynt fan 'e kombuorden by it doarp. Dat hat de gemeente besletten, no't bliken docht dat de namme Oost-Vlieland nea offisjeel fêstlein is. In amtner kaam dêr achter doe't er op fersyk fan it Ryk op syk gie nei de offisjele adressen op Flylân.
Omdat it in soad papierwurk freget om de namme wol offisjeel fêst te lizzen, is no besletten it doarp gewoan nei de gemeente te neamen.