'Jorritsma beunt net by'
John Jorritsma is ien fan de trije kommissarissen fan 'e Keninginne dy't gjin bijbaan hat. Dat hat it wykblêd Elsevier ûndersocht. Neist Jorritsma beune ek Max van den Berg fan Grinslân en Leen Verbeek fan Flevolân net by.
Meiïnoar fertsjinje de kommissarissen yn Nederlân seker 300.000 euro yn't jier by. Koprinner is Franssen fan Súd-Hollân mei 53.000 euro, neffens in oersjoch yn it wykblêd Elsevier. Hy hat alve bijbanen.