Nije eigner foar Happy Roller

© Omrop Fryslân
De produksje fan de Happy_Roller yn Frjentsjer wurdt nij libben ynblaasd. Dit ûnderdiel fan de Gerard Metselaar Groep is oernommen troch NCH út Hoogeveen. Dit bedriuw naam earder al it fallite Happy Trailer oer.
De nije eigner wol mei de produksje fan ûnderstellen foar jirpeltrailers de merk yn East-Europa berikke. De fyftjin wurknimmers dy't dien krigen hiene by Happy Trailer, kinne mooglik wer oan de slach yn it fabryk.