Bern begjinne oan CITO-toets

bern begjinne oan de CITO-toets
Mear as 150.000 learlingen út groep 8 binne tiisdei begûn oan de CITO-toets. Mooglik is de toets dit jier foar it lêst yn febrewaris. De kristlike skoallen yn Tytsjerksteradiel fine útstel fan de toets nei juny gjin goed idee. Wol soe ûndersocht wurde moatte wat de toets noch taheakket.
Guon skoallen yn Nederlân binne al ophâlden mei de toets om´t it neat taheakket oan it learlingfolchsysteem. Alle skoallen folgje de learlingen al yntinsyf en kinne sa it nivo bepale.