Ynfo oer alkohol oan bern

Sionsberg jout foarljochting oan bern oer alkohol
Sikehûs De_Sionsberg yn Dokkum jout skoalbern yn de groepen 7 en 8 foarljochting oer de gefaren fan alkohol. It projekt is bedoeld foar fiif gemeenten yn Noardeast-Fryslân. Artsen en ferpleechkundigen fan de berne-ôfdieling fan it sikehûs fertelle op skoalle oer alkoholgebrûk en de gefolgen dêrfan.
Ek biede artsen en ferpleechkundigen in healjier lang neisoarch oan bern oan dy't mei alkofolfergiftiging yn it sikehûs bedarre binne.