Ynbraak karavans yn Offenwier

© Omrop Fryslân
De plysje docht ûndersyk nei in tal ynbraken yn karavans. Dy steane op in rekreaasjesintrum oan De_Potten by Offenwier. De plysje kaam moandei op it rekreaasjesintrum foar de ynbraak yn in gebou op it terrein. Dieven hienen der in rút fernield.
By dat ûndersyk die bliken dat yn deselde nacht seis karavans iepenbrutsen wiene. It is net bekend oft der guod stellen is. De eigners fan de karavans moatte noch oanjefte dwaan.