Opskuor oer Fryske wynmûnen

© Omrop Fryslân
De nij te bouwen wynmûnen yn de gemeente Kollumerlân soargje foar opskuor yn Grinslân. De PvdA-steatefraksje yn dy provinsje fynt dat de hege wynmûnen yn it meast noardeastlike puntsje fan Kollumerlân skealik binne foar de lânskiplike en toeristyske wearden fan it Lauwersmargebiet. En dat natoergebiet leit foar it grutste part yn Grinslân.
De komst fan de 9 wynmûnen fan sa'n 85 meter hichte is in inisjatyf fan de Stichting Windmolencluster Kollumerland.