Windesheim wol NHL-stúdzje

© Omrop Fryslân
De hegeskoalle Windesheim yn Swol wol de oplieding pedagogyk fan de Noardlike Hegeskoalle Ljouwert oernimme. Beide hegeskoallen binne dêroer yn petear. De oplieding pedagogyk fan de NHL is festige yn Swol.
Neffens in wurdfierder fan Windesheim past pedagogyk goed by de learare-oplieding en de Pabo fan de hegeskoalle. Earder is der al praat oer gearwurking tusken dy opliedings. Dy petearen binne op neat útrûn. De NHL wegeret elts kommintaar.