AB Fryslân: IT´ers út Yndia

© Omrop Fryslân
AB Fryslân hat in nij bedriuw opset om Yndiërs nei Nederlân te heljen foar de ICT-sektor. Der is in grut tekoart oan kompjûtereksperts en dat is eins net op te lossen mei personiel út eigen lân. Ek wurdt it hieltyd dreger om de minsken yn Europa te finen. Sadwaamde siket AB it oer de grinzen fan Europa hinne. Yndia is al jierren in groeilân op it mêd fan kompjûters en neffens AB wolle de minsken út Yndia ek graach dizze kant út.