KNVB moast wedstriid skrasse

© Omrop Fryslân
Omdat de feiligens fan fuotballers faai stie, hie de KNVB gjin oare kar en skras alle wedstriden fan ´t wykein. Dat seit haad wedstriidsaken Busscher fan it distrikt Noard. Snits Wyt Swart hie snein in grutte tebeksetter omdat de streekderby tsjin De_Jouwer op it programma stie en op it keunstgers wie goed te fuotbaljen.
De KNVB sil de kritearia om wedstriden te skrassen tsjin it ljocht hâlde, omdat hieltyd mear amateurklubs op keunstgers spylje.